Laatste nieuws

Ek fannemiddei gjin fuotbal op ús...

Ek fannemiddei gjin fuotbal op ús sportpark, Aldegea 1 en 2 (wer) útsteld

Datum: 2024-04-20 09:28:37 | Hits: 337

Je kinne de klok der hast op gelyk sette. Sadree it freedtemiddei is wurdt it spannend foar de lieders fan de senioarenteams fan v.v. Aldegea. Giet it fuotbal de sneons troch of kin men wer oar fertier sykje....No foar dizze sneon 20 april is dat lêste wer it gefal. Sawol Nieuweschoot 2 as QVC 3 ha ôfbelle omdat se foar dizze sneon net genôch spilers hawwe en dus gean de wedstriden Aldegea 1 - Nieuweschoot 2 en Aldegea 2 - QVC 3 spitichernôch net troch. En dat is wer in hurd gelag. Der wurdt noch om in oare datum foar dizze wedstriden socht mar je wurde der wol wat simpel fan. Ja it oerkomt ús sels ek wol, sa earlik binne we ek wol. 
Skrale treast is dat de froulju fan v.v. Aldegea hjoed wol yn aksje komme. Op primetime (14:30 dus) set it yn en tsjin Mildam VR1 út ein. It sil de efterfolging yn sette moatte op Heerenveense Boys VR2 en Zeerobben VR1. Winst is dus sear needsaaklik foar it team fan trainer/coach Dave van der Leij.



Terug