Spektakelstik AVC VR1 - Aldegea VR1 (4-4) gruttendiels yn byld
In spektakelstik wie AVC VR1 - Aldegea VR1 juster seker. Al nei 20 sekonden lei de bal yn it netsje. It wie in flitsende start fan de thúsploech en in dramatyske fan Aldegea VR1 yn dizze topper. Fiif minúten letter wie it op nije rekke foar de blauhimden en stie de ploech út Seisbierrum op roazen: 2-0. Aldegea liet de kop gelokkich net hingje en kaam wat mei mazzel op 2-1. In foarset fan rjochtsback Jildau Hoekstra bedarre êfter de AVC goalie. Mar dernei wie it wurd wer oan de Seisbierrumers en wie de marzje wer twa: 3-1. Fia in knappe goal fan spits Jenny Terpstra nei in assist fan de altyd gefaarlike Baukje Wijnja kaam Aldegea werom oant 3-2 mar fierder kaam it foar it skoft net. Krekt foar de tee foelen de earste reindrippen en dat hôld net mear op. De twadde helte fûn yn de streamende rein plak. Sa bot dat ik op in gegeven momint myn wurksemheden as fotograaf stake moatst. Aldegea kaam út in scrimmage fia Baukje Wijnja op 3-3. AVC efkes letter wer op foarsprong mar ynfaller spits Miranda Ekas soarge 10 minúten foar tiid wer foar de lykmakker. Fierder kaam Aldegea spitichgenôch net. De echte wil ûntbruts juster by de oranjehimden. De kâns op it kampioenskip is hjirtroch in stik lytser wurden. Takom wike wer in kreaker, dan wachtet yn eigen hûs Bitgum VR1.
It fotoferslach fan de wedstriid AVC VR1 - Aldegea VR1 oant dus plus minus de 60ste minuut. De wedstriid waard spile op keunstgêrs, fier fan de kantine ôf.
☔is gjin oerbodige luxe#avcoud pic.twitter.com/N8sVNSU9De
— v.v. Oudega (@vvoudegaw) April 22, 2023
Terug