Laatste nieuws

Sneon 6 april: fol jeugdprogramma, Aldegea...

Sneon 6 april: fol jeugdprogramma, Aldegea VR1 spilet derby

Datum: 2024-04-03 09:01:38 | Hits: 301

Faze 4 fan it jeugdfuotbal giet kommende sneon 6 april van start wat betsjut dat alle jeugdteams dan wer yn aksje komme. Op sportpark It Joo giet it om mar leafst 5 wedstriden!
9 oere OHH JO10-2 - Sneek Wit Zwart JO10-3 mei Leslie Scholten as spulbegelieder.
9 oere OHH JO15-1 - Balk JO15-3 mei Rinze Veenstra as skiedsrjochter.
10:15 OHH JO9-1 - SC Bolsward JO9-2 mei Baukje Wijnja as spulbegeliedster.
10:30 OHH MO15-1 - SC Bolsward MO15-1 mei Gerrit Schaap as skiedsrjochter.
12:00 OHH JO12-1 - Woudsend JO12-1JM mei Wybren Brouwer as skiedsrjochter.

De middeiswedstriid is in wiere derby tuksen de froulju fan Aldegea en die fan HJSC. Aldegea moat winne om de titelkânsen libjend te hâlden. De derby begjint om 15:45 en stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Jetze Terpstra.

It flageskip fan v.v. Aldegea hat sneon wer ris frij wylst it skaadteam de útwedstriid by ONS Sneek 2 om 14:30 spilet. It belooft sneon in simmerske dei te wurden dus kom allegear nei sportpark It Joo!



Terug