Laatste nieuws

Sneon 13 april: beheind programma op...

Sneon 13 april: beheind programma op sportpark It Joo, flageskip tsjin hikkeslúter

Datum: 2024-04-10 08:36:18 | Hits: 195

Wie it ôfrûne wykein mei 5 jeugdwedstriden en de derby Aldegea VR1 - HJSC VR1 noch in drokte fan belang op sportpark It Joo der is dat kommende sneon 13 april hiel oars. Der stean mar twa wedstriden op de rol.

Om 9 oere spilet OHH JO8-3 tsjin de leeftiidgenoaten van RVCL JO8-3 ûnder lieding fan spulbegeliedster Baukje Wijnja.
Om 15 oere spilet it flageskip fan v.v. Aldegea tsjin hikkeslúter Warkum 5 (skiedsrjochter: Frâns Veldmans). De brijbekken hawwe noch mar 4 punten sammele út 15 wedstriden mar de oranjehimden sille weitsje foar ûnderskatting. Sels hat it team fan coach Bouwe Meinsma it twaddde plak yn hannen mar stiet it al 5 punten êfter koprinner ONS Sneek 4.
De platte karre hoegt dus wierskynlink net foar harren út de skuorre te kommen mar wa wit wol foar de froulju fan v.v. Aldegea. Hja spylje kommende sneon om 12:25 de topper by Heerenveense Boys VR2. De ploech út it Fryske Haagje hat 3 punten mear dan Aldegea dus winst op It Hearrenfean is eins needsaaklik.
Thús slagge dat it team fan trainer/coach Dave van der Leij sûnder folle muoite (4-1). It sil in spannende sneon wurde.
It twadde hat sneon frij mar komt (lyk as Aldegea 1) woansdei 20 april wol yn aksje. It skaadteam spilet dan de ynhelwedstriid by Warkum 4 wylst Aldegea 1 by DWP 3 yn Sint Jânsgea spilet.



Terug