Laatste nieuws

Romme oerwinning Aldegea 1 mar ONS Snits 4...

Romme oerwinning Aldegea 1 mar ONS Snits 4 is de kampioen

Datum: 2024-05-30 18:34:38 | Hits: 68

Aldegea 1 hat yn har lêste wedstriid fan it seizoen 2023/2024 in romme 4-0 oerwinning op DWP 3 behelle. Doelpunten waarden makke troch Wessel (4de minuut), Pieter (8), Menno Koudenburg (50) en Johan Martens (76). Omdat koprinner ONS Snits 4 ek wist te winnen (0-2 by EBC 2) gie it kampioenskip oan de noas fan Aldegea foarby en koenen de blommen en felisitaasjes dus nei de Snitsers. It oranje fan Aldegea moat tefreden wêze mei it sulver.

Jûn, tongersdei 30 maaie, spilet it skaadteam fan Aldegea noch de wedstriid by hikkeslúter Hielpen 2 (19 oere) en de froulju die by De Blesse VR1 (20 oere).
Update freed 31 maaie:
Aldegea 2 hat justerjûn mei 1-1 lyk spile by Hielpen 2 wertroch de Hylpeners ûnder harren bliuwe en de reade lantearne yn ûntvangst nimme mochten. Aldegea VR1 einige de kompetysje mei in lytse domper troch de útwedstriid by De Blesse VR1 mei 3-2 te ferlernen. Aldegea is dertroch definityf tredde op de ranglist wurden, in puike prestaasje mei sa'n smelle seleksje!

Takomst senioarenfuotbal
Hoe't it mei de senioaren fan v.v. Aldegea yn it seizoen 2024/2025 komt, wurdt de kommende wiken dúdlik.



Terug