Laatste nieuws

Pupil fan 'e wike Ygram Ykema by Aldegea 1...

Pupil fan 'e wike Ygram Ykema by Aldegea 1 - Urk 6

Datum: 2023-02-20 18:26:35 | Hits: 199

Sneon 18 febrewaris wie Ygram Ykema de pupil fan 'e wike by de wedstriid Aldegea 1 - Urk 6 (1-5). Ygram spilet yn de JO11-1 en stiet it leafst yn de spits. Syn favorite klup is SC Hearrenfean en Liverpool. De beste spiler fan 'e wrâld is Mbappe. 
Ygram: "Ik haw it leuk hân hjoed en fûn it allerleukste om te scoaren nei de ferdigeners fan Urk kompleet it bosk yn te stjoeren troch skiinbewegingen. De bêste spiler hjoed wie Rinze Jelle Iedema. Oer in pear jier wol Ygram sels ek yn it earste âlvetal fan v.v. Aldegea spylje.
085A0965



Terug