Laatste nieuws

Fotoverslach fuotbalsneon 4 maart 2023

Fotoverslach fuotbalsneon 4 maart 2023

Datum: 2023-03-05 13:43:30 | Hits: 209

Klik hjir foar it fotoferslach fan de wedstriid Aldegea VR1 - Leovardia VR1 (2-1) en de earste helfte fan Aldegea 1 - Sleat 2, spile op sneon 4 maart 2023. De oerwinning fan ús froulju moast by de helsdoarren wei komme mar wie mear dan terjochte. It team fan trainer/coach Dave van der Leij domineare eins de hiele wedstriid mar hie muoite om it net te finen. De gasten út Ljouwert loerden as underdog op de counter en dat wie yn de earste helte ien kear suksesfol: 0-1. Nei de tee gie Aldegea op in gegeven momint ien op ien spyljen mei Lieke Lubbers as brekizer en dermei kaam Leovardia noch mear ûnder druk te stean. It wie Jenny Terpstra dy't Aldegea middels in prachtige frije trap op lykese hichte sette. En captain Sietske Rypma, dy't har team by de hân naam, brocht Aldegea yn de 81ste minuut mei in geweldich skot op foarsprong: 2-1. Dit joech Aldegea net mear út hânnen, in muoiseme mar fertsjinne oerwinning.

Aldegea 1 bliuwt ek nei juster puntleas. De kelderkreaker tsjin Sleat like in typyske 0-0 wedstriid mar nei de tee gie it krekt as tsjin Urk mis foar de oranjehimden en sloech Sleat keihurd ta: 0-3. Takom wike wer in nije ronde en dus nije kânsen.



Terug