Laatste nieuws

Fotoreportaazje Aldegea VR1 - Bitgum VR1...

Fotoreportaazje Aldegea VR1 - Bitgum VR1 (0-0)

Datum: 2023-04-30 09:00:32 | Hits: 331

De froulju fan Aldegea VR1 en Bitgum VR1 makken der juster in boeiende pot fuotbal fan op in sinne-oerjitten sportpark It Joo yn Aldegea. Goals foelen der lykwols net. Yn it earste kertier fan de wedstriid wie de thúsploech hear en master mar Bitgum oerlibbe dizze faze. Dêrnei kamen de gasten better yn 'e wedstriid. Echt grutte kânsen wienen der foar it skoft net te notearen. Nei de tee seker wol. De rappe rjochtsbûten fan Bitgum (Iris) wie in pleach foar de oranje êfterhoede. Earste rekke dizze nûmer 17 de rjochterpeal en efkes letter mei in hurd skot de linkerpeal. De brilstân bliuwn op it skoarebuord stean. It lêste sprankje hoop foar Aldegea op de titel is hjir troch ferlêrn gien wylst Bitgum noch mei hope mar Ljouwerter Sweltsjes hat de bêste papieren yn dizze klasse.

Klik hjir (ek) foto de fotoreportaazje fan dizze wedstriid spile op sneon 29 april 2023.



Terug