Fotoferslach kelderkreaker Aldegea 2 - HIelpen 2 (0-0)
Op in swierbewolkt mar drûch en wynstil sportpark It Joo yn Aldegea waard yts nei it middeisoere ôftrape foar in eche kelderkreaker. Aldegea 2 moatst it opnimme tsjin Hielpen 2. In wedstriid tusken de nûmmers ien nei lêst (10) en hikkeslúter. It wie in echte kelderkreaker mei net in soad goed fuotbal en scimmages foar de goal. De brilstân op it ein wie in mear dan logyske stân die de boeken yn gie. It wie dus net in beste wedstriid (dat je hast ek net ferwachtsje kinne) mar wol in hiele sportive twastriid.
Nei dizze wedstriid wie it om 14 oere de beurt oan Aldegea 1 - Delfstrahuizen 3. Aldegea moast earst wekker skuodde wurde want it stie nei dik twa minúten al op in 0-1 êfterstân. Foar de tee wie de skea lykwols reparearre troch goals fan Menno Hylkema en Pieter Hoogterp. Yn de twadde helte besliste Rinze-Jelle Iedema dizze ek net al te beste wedstriid op in swier fjild: 3-1.
Klik hjir foar in fotoreportaazje fan Aldegea 2 - Hielpen 2. Fan Aldegea 1 - Delfstrahuizen 3 binne gjin bylden omdat de klupfotograaf de skiedsrjochter fan tsjinst wie.
⌛Rêststân Aldegea 2 - Hielpen 2 0-0.#oudhie pic.twitter.com/wpG9FzEIfa
— v.v. Oudega (@vvoudegaw) February 17, 2024
Terug