Laatste nieuws

Wiziging: Aldegea 1 - Nieuweschoot 2 sneon...

Wiziging: Aldegea 1 - Nieuweschoot 2 sneon om 14:30

Datum: 2024-05-22 09:25:51 | Hits: 362

It flageskip hat noch altyd in kâns op it kampioenskip yn de reserve 6e klasse 07. It is dan wol ôfhinklik fan ONS Sneek 4 dy't mei in wedstriid minder spile it selfde tal punten as ús oranjehimden hawwe. Jûn hellet ONS Sneek 4 de wedstriid tsjin DWP 3 yn, Aldegea loeret dus noch op it kampioenskip.
Update tongersdei 23 maaie: ONS Sneek hat de wedstriid mei grutte sifers wûn (9-1) wertroch de kampioenskânsen fan Aldegea behoarlik slonken binne.
Kommende sneon 25 maaie spilet Aldegea 1 om 14:30 de thúswedstriid tsjin de nûmer 4 fan de list Nieuweschoot 2. Skiedsrjochter is Sietse Broersma.
De froulju fan v.v. Aldegea spylje kommende tongersdei 23 maaie al harren wedstriid. Tsjinstanner om 20 oere op sportpark It Joo is dan de nûmer 4, Mildam VR1. In moanne lyn gie it team fan trainer/coach Dave van der Leij noch jammerlik mei 3-2 ûnderút tsjin de Milldammers. Aldegea VR1 is sa goed as wis fan it brûns neidat it lang mei die yn de titelrace. De wedstriid Aldegea VR1 - Mildam VR1 stiet ûnder lieding fan arbiter Jetze Terpstra.

Der steane foar kommende sneon noch 3 jeugdwedstriden op spotpark It Joo op de rol, it binne de lêsten fan it seizoen 2023/2024:
9 oere OHH JO15-1 - Oeverzwaluwen JO15-1 mei Germ-Jan Hes as skiedsrjochter.
10:45 OHH MO15-1 - Sneek Wit Zwart MO15-1 mei Jelle Terpstra as skiedsrjochter.
12:15 OHH JO12-1 - De Wâlde JO12-1 mei Lieuwe Wiegersma as skiedsrjochter.

Eltsenien alfêst in hiel soad sukses en foaral wille winske!



Terug