Laatste nieuws

Earste fotoferslach seizoen 2023/2024...

Earste fotoferslach seizoen 2023/2024 ynklusyf teamfoto's manljusteams

Datum: 2023-09-24 14:39:32 | Hits: 339

Lang om let rollet de bal dan wer. It seizoen 2023/2024 is no echt begien. De froulju fan v.v. Aldegea liet har klasse yn de beker al sjen troch alle trije pûlwedstriden te winnen en harren sadwaande te pleatsen foar de knock-out faze. De manljusteams dienen net mei oan de beker mar spilen wol de nediche oefenwedstriden. Juster, sneon 23 septimber, giet it wer om it "echie". De kompetysje gie los! Earst de parsepresintaasje fan sawol Aldegea 1 as 2. Sawol Aldegea 1 as 2 brochten gelyk trije punten op it kleed. Foar Aldegea 2 barde dat yn ekstremis. Tsjinstanner Bakhúzen rekke yn de 89ste minuut noch de latte mar yn de tsjinoanfal wie Lieuwe Wiegersma it "goudhaantje" foar it twadde en dus dochs noch trije punten foar it team foar de kersfarske lieder Rink Bootsma yn de knip. Aldegea kaam nei in 0-0 stân by it skoft yn de 50ste minuut op foarsprong troch in geweldiche poeier fan Mark Zijsling. Bakhúzen kaam yn de 71ste minuut lâns side mar yn ekstremis dus dochs nog de folle "buit" foar Aldegea.
It flageskip boekte in muoiteleaze oerwinning op EBC 2 die it spoar in bytsje bjuster wienen. By oankomst yn Aldegea bleek it tenue noch yn Eastersee te stean. Lang om let koe de wedstriid hast trije kertier letter dan pland los. It team fan coach Jimte Koopmans hie gjin muoite mei de Eastersee/Bantegea combinatie en wûn mei leafst 5-0 mei troch in hattrick fan Jelmer de Boer. Fan dizze wedstriden binne gjin bylde mar wol fan de wedstriid fan it twadde tsjin Bakhúzen de fansels fan de teamfoto's en making-off.
Fotoferslach Aldegea 2 - Bakhúzen 3 (2-1)

 



Terug