Desepsje foar Aldegea VR1 yn Starum yn titeljacht
In desepsje sa kin we mei rjocht de wedstriid fan Aldegea VR1 yn Starum tsjin QVC VR1 nimme. Nei 8 oerwinningen op rige kaam der net in 9de by mar it team fan trainer/coach Dave van der Leij wie sa hurd op wei en stie by skoft op in romme 0-2 foarsprong troch goals fan Sjoukje Iedema (al yn de 2de minuut) en Baukje Wijnja (5 minúten foar de tee).
Yn de slotfaze sakke Aldegea neffens Van der Leij as in pudding yn elkoar en ferdwûn de foarsprong as snie foar de sinne: 2-2. Dit wie ek de einstân yn it stedsje oan de Iselmar. In fikse teloarstelling dus foar de oranjehimden die troch de 8 oerwinningen hielendal werom wiene yn de titeljacht. Mar dit binne se troch dit lykspul seker net kwyt rekke want koprinner Zeerobben VR1 gie yn eigen hûs mei 3-5 ten ûnder tsjin de nûmer trije Heerenveense Boys VR2.
Zeerobben stiet lykwols noch altyd oan kop mei 31 punten út 13 wedstriden, it selfde oantal as Aldegea (by winst tsjin QVC hiene hja dus oan kop stien).
Grutte winner fan dit wykein is Heerenveense Boys. Hja stean dan wol op it tredde plak mar mei 29 punten út 12 wedstriden firtueel oan kop. Sels de nûmer 4 fan de list, Mildam VR1 is mei 27 punten út 12 wedstriden de fjirde kaper op de kust.
Der bin noch in soad wedstriden te spyljen dus noch net ien kin de sjampanje kâld sette.
Takom wike sneon 16 maart om 14 oere de kreaker op sportpark It Joo tusken Aldegea VR1 en Zeerobben VR1.
Dan noch de útslachen fan de jeugdwedstriden yn Aldegea op dizze sneon 9 maart 2024:
OHH JO8-3 - Scharnegoutum'70 JO8-1, 1-14.
OHH JO10-2 - ONS Sneek JO10-2, 1-10.
OHH JO12-1 - RVCL JO12-2, 0-1.
Net om nei hûs te skriuwen dus, wat wy dus wol doche...
Foto: argyf.
.@vvHvB VR2 wint de topper fan Zeerobben en is no de firtuele koprinner yn dizze razend spannende klasse. Aldegea op it finketou. Takom wike Aldegea - Zeerobben!#spannend #oudzee pic.twitter.com/k2iCdmumJ7
— v.v. Oudega (@vvoudegaw) March 9, 2024
Terug